Nije fytsestallings by stasjons

19 nov 2001 - 00:00

Der komme nije fytsestallings by de NSstasjons fan Starum, Koudum, Mantgum en Drylts. Neffens Rail Infrabeheer, dat de stallings beheart, is der aanst mear plak om de fytsen del te setten.

De rûmte tusken de klemmen wurdt grutter sa dat ek fytsen mei brede stjoeren of fytstassen der better yn passe. De ferfanging fan de stallings is ûnderdiel fan it projekt 'Ruimte voor de fiets'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)