Stedhûs Starum wurdt ferkocht

19 nov 2001 - 00:00

It eardere stedhûs fan Starum wurdt ferkocht. Dat hawwe boargemaster en wethâlders fan 'e gemeente Nijefurd besletten. De opbringst wurdt brûkt foar toeristyske eveneminten. B en W tinke dan oan kuierrûten, minwaarsfoarsjenningen en útstallingen.

De gemeente hie earder plannen om in museum yn it âld-stêdhûs ûnder te bringen. Dat wie lykwols te djoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)