'Stookhutte Damwâld net sloopt'
Der is ûnienigens oer in stookhutte yn Damwâld. It hokje oan 'e Jan Durkswei stiet op de monumintelist. It soe troch de takomstige eigner, in amtner fan de gemeente Dantumadiel, sloopt wêze.
Dat is perfoast net wier, sizze de eigners fan no. De stookhutte wie sa fertutearze dat er by in stoarm ynwaaid is. De amtner hat de boel doe oprêden.