Oankomst Sinteklaas yn Fryslân
Sinteklaas is sneon oankaam yn Fryslân. Ek yn Frjentsjer, om krekt te wêzen oan de Prins Hendrikkade. Der stiene in soad bern yn spanning te wachtsjen.
Sinteklaas kaam al wat te let oan. Swarte Piten op wetterski's kamen fertellen dat de motor fan de boat tusken Harns en Frjentsjer útfallen wie. Der moast in sleepboat oan te pas komme om de boat binnen te heljen.