Gjin ozb oer wenten yn oanbou

17 nov 2001 - 00:00

Oer wenten yn oanbou hoecht yn de gemeente Ljouwert gjin ûnreplik guod belesting betelle te wurden. Dat is foar Nederlân in unike útsûndering.

Dit hat bliken dien út in risikoscan, dy't útfierd is troch Monsma & Partners by de ôfdieling belestingen yn Ljouwert. It kolleezje fan B&W sil no de ried fan Ljouwert útstelle om wol belesting te heffen oer wenten yn oanbou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)