Soad ynteresse banen Lânmacht

© Omrop Fryslân
De banewinkel fan de Lânmacht yn Ljouwert ferwachtet dit jier 33% mear minsken oan in baan te helpen. Neffens in wurdfierder wurdt de belangstelling foar in baan by de Lânmacht hieltyd grutter.
Mooglik hat dit te krijen mei de nije CAO fan de Lânmacht. De banewinkel jout alle jierren foarljochting oan 1200 gadingmakkers. De helte dêrfan wurdt útnoege foar in petear.