Gemeente moat Frysk brûke

16 nov 2001 - 00:00

Steatssiktaris Gijs de Vries fan ynlânske saken fynt dat de Fryske gemeentes wol mear Frysk brûke kinne. Boppedat moatte se it taalgebrûk fêstlizze yn in oardering, sa fynt De Vries. "Taalbelied kin net allinnich fan it ryk komme, it moat ek fan 'e legere oerheden komme."

Op dit stuit hawwe fiif Fryske gemeentes in taaloardering, dat moatte der twa kear safolle wurde, is de bedoeling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)