'Weryndieling is nedich'

© Omrop Fryslân
Fryslân ûntkomt net oan gemeentlike weryndieling. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk, útfierd troch de Vereniging van Nederlandse Gemeenten.
Yn Fryslân besteane tusken de 31 gemeenten no 149 foarmen fan gearwurking. Dat liedt lykwols net ta effisjint bestjoer. Fúzje fan gemeenten is dêrom de iennige oplossing. De ûndersikers sizze net hoe grut de ienheden dan wol wêze moatte.