Futuristyske fyzje op farwei

© Omrop Fryslân
It Masterplan Foarmjouwing foar de farwei Lemmer-Delfsyl is tongersdei presintearre. Keunstners, arzjitekten en lânskipssaakkundigen joechen har fyzje op de oanpassings fan de farwei. Yn it futuristyske plan kaam in brêge oer de Baai op 'e Lemmer en in omlieding fan it PM-kanaal by Grou foar.
De útwurking fan it plan moat tusken 2009 en 2015 realisearre wurde.