Koersen Wolvegea ôflast

06 mrt 2012 - 22:29

De koersen op Victoria Park yn Wolvegea binne dit wykein ôflast fanwege it rhinofirus. Neffens baanmanager Ralf Dekker wol de organisaasje gjin risiko's nimme mei de sûnens fan de hynders.

Earder op 'e dei sei Dekker noch dat de draverijen gewoan trochgean soene. Mar sjoen it nijs oer in útbraak yn Ferwâlde is besletten de koersen dochs te skrassen. Neffens Dekker stiet it wolwêzen fan de hynders foarop. Ek yn Alkmaar gean de koersen moandei net troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)