Opslach Achtkarspelen moat fuort

15 nov 2001 - 00:00

De gemeente Achtkarspelen is op syk nei in alternatyf foar it gemeentelik opslachterrein oan de Wide Pet op 'e Harkema. B&W fine dat it opslachplak dêr net mear past.

De omjouwing is de lêste jierren bot feroare en it terrein wurdt no omsluten troch in wenwyk. Bewenners hawwe har al ynset foar it ferdwinen fan de opslach. Se ha lêst fan frachtweinen en stosân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)