Plysje: tefolle doarren los

Ynbraak © ANP XTRA
By de earste previnsjeaksje tsjin wenningynbraken yn de gemeente Lemsterlân ûntduts de plysje tiisdeitejûn dat yn twa doarpen hast gjin inkel hûs, skuorke of auto op slot stie. De nammen makket de plysje net bekend om in ynbraakgolf foar te kommen. Plysjeminsken, gemeenteamtners, minsken fan de wenningboukorporaasje en doarpsbelangen giene alle doarpen del om te sjen oft minsken de boel goed ôfsletten hiene. Yn 461 huzen, skuorkes en auto's koe de plysje sa nei binnen. Dêr binnen aksjefolders yn de foarm fan in fuotstap dellein.
Ek binne bewenners oansprutsen dat se harren guod better foar stellerij beskermje moatte. Yn hiel Fryslân is it tal wenningynbraken hurd omheech gien. Op De Lemmer waard oer hiel ferline jier 35 kear oanjefte dien fan in wenningynbraak, allinne yn de earste twa moanne fan dit jier wie dat al 23 kear.