Rjochtsaak Koordes giet oer

© Omrop Fryslân
De rjochtsaak tsjin Haarlem-fuotballer Rogier Koordes giet oer. Koordes moast eins freed foar de rjochter ferskine fanwege de mishanneling fan Cambuurspiler Kenneth Goudmijn. Dit barde yn de earste kompetysjewedstriid fan dit seizoen. De offisier fan justysje hat de saak skikt en Koordes is akkoard gien mei in boete fan 1000 gûne. Hy waard ek al skorst foar 8 wedstriden.