Fryske restaurants yn top 100

14 nov 2001 - 00:00

Neffens de edysje 2002 fan de jierliks ferskinende gids 'Lekker' giet it yn kulinêr opsicht hieltyd better yn Fryslân. In tal restaurants skoare goed.

De Koriander yn Drachten is neffens de gids it bêste restaurant fan Fryslân. It stiet lanlik op it 60e plak. Restaurant Heren van Harinxma op Lauswolt yn Beetstersweach stiet opnij yn de top 100, om krekt te wêzen op nûmer 71.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)