Ljouwert wol fan BKR-keunst ôf

De gemeente Ljouwert wol ôf fan syn grutte samling BKR-keunst. Yn de depots fan it Historisch Centrum Leeuwarden steane 1800 keunstwurken dy't eigendom binne fan de stêd. Se binne makke troch keunstners dy't meidiene oan de Beeldende Kunst Regeling.
Hjirby krigen se yn ruil foar in portret of byld jild fan de gemeente. Ljouwert fynt dat der tefolle fan itselde wurk is en wol dat kwyt. It HCL beoardielet it wurk en besjocht wat fuort kin. Keunstners krije earst sels it wurk oanbean, dêrnei giet it nei oare ynstellings dy't keunst beheare.