Stranger kontrolearje by dekken

© Omrop Fryslân
Oer de dekregels hinne gean, moat tenei swierder bestraft wurde. Dêrfoar pleitet it bûn fan Fryske hynstehâlders oare wike tongersdei by it Frysk hynstestamboek.
Kollega-fokkers bûten Fryslân hâlde har net oan it maksimale tal dekkingen fan 150 per jier. It besteande boetebelied docht gjin fertuten. Mooglik moatte leden skrast wurde, sa fynt it bûn.