Ynvestearring drukkerij Banda
Krantedrukker Banda yn Kollum hat mei in miljoene-ynvestearring de takomst feilich steld. By it bedriuw wurkje op it stuit 50 minsken en neffens de direksje sjocht de takomst der posityf út.
Tsjin alle trends yn is der dan ek gjin reden ta in fúzje of in oername. Foar 3.500.000 gûne is der in nije saneamde offset-rotaasjeparse yn gebrûk nommen.