Gjin ekstra jild foar Máxima

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert stelt gjin ekstra jild beskikber foar aktiviteiten op de troudei fan kroanprins Willem-Alexander en Máxima op 2 febrewaris. De NLP woe 20.000 Euro ekstra beskikber stelle, fanwege de bannen tusken it keningshûs en Ljouwert as Nassau-stêd. Neffens wethâlder Brok binne der wol oare subsydzjemooglikheden. De Ljouwerter hoareka sil wol langer iepen bliuwe.