Bewenners út Heemstra State wei

© Omrop Fryslân
De lêste tritich bewenners fan Heemstra State yn Oentsjerk ha moandei har guod ynpakt. Sy ferhúzje dizze wike nei nije lúkse apparteminten, dy't trije kear sa grut binne as har notiidske keamers.
It âlde Heemstra State is slim fertutearzge. It gebou wurdt oer twa wike sloopt. Yn it nije gebou fan Heemstra State is aansen romte foar hûndert bewenners.