Betinking ferkearsslachtoffers
Snein is yn Oentsjerk in spesjale gearkomste om de ferkearsslachtoffers fan Fryslân, Grinslân en Drinte te betinken. Dat is foar it earst dat der sa'n regionale betinking hâlden wurdt.
De gearkomste hat as titel "De Verstomde Schreeuw". Op in muorre kinne foto's fan slachtoffers ophongen wurde. Deputearre Bijman sil der in krâns bylizze.