Oanlis sweeftrein goed mooglik

© Omrop Fryslân
De sweeftrein fan it noarden nei de rânestêd kin foar hast de helte troch it bedriuwslibben betelle wurde. Dat stiet yn it rapport 'Zweven is vrijheid' fan Transrapid Nederlân.
It rapport is útkaam om't it kabinet oer in pear wike in beslút nimt oer de sweeftrein. Neffens kommissaris Nijpels sil it kabinet in priisfraach útskriuwe oer de oanlis.