Wetterliedingnet yn Berltsum

12 nov 2001 - 00:00

Túnkers yn Berltsum krije in eigen wetterliedingnet. Dat hie al earder moatten, mar doe wie der gjin subsydzje beskikber. De kânsen dêrop lykje no grutter te wêzen. De oanlis kostet miljoenen.

Yn it projekt wurdt it wetter dat op de kassen falt, opfongen en fia sleatten ôffierd nei in marke. Dêrwei giet it fia in suveringsynstallaasje wer nei de kas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)