Cramer nei WB yn Innsbruck
Wieteke Cramer fan De Lemmer mei nei Innsbruck foar de kommende wrâldbekerwedstriden. De KNSB hat de jonge rydster dêrfoar nei de WB allround yn Berlyn oanwiisd.
Sels ried Cramer net yn Dútslân, mar se profitearret fan de ôfmelding fan Martine Oosting, dy't der takom wykein net bywêze kin.