Crescendo heechste tal punten
Crescendo út Drachten hat by it neijierskonkoers it heechst tal punten helle. Yn de ôfdieling 'uitmuntendheid' helle it harmony-orkest 87.5 punten. Dat is in earste priis mei promoasje nei de eare-ôfdieling.
Yn Drachten dienen 800 muzikanten mei oan it konkoers fan it kristlik bûn fan muzykferieningen.