Nije paadwizers foar op it iis

© Omrop Fryslân
Iiswegesintrale Weststellingwerf hat sneon nije paadwizers foar op it iis krigen. Yn De Blesse binne de buordsjes yn in keunstmjittich wintersk lânskip presintearre. It giet om 18 metalen hânwizers dy't 20.000 gûne koste hawwe.
It jild dêrfoar is by elkoar brocht troch de gemeente en de iiswegesintrale sels. De buorden komme op it iis om reedriders paad te wizen.