Fergunning mokselfisker ynlutsen

10 nov 2001 - 00:00

Moksels dy't op droechfallende banken yn de Waadsee sitte, meie net mear fongen wurde. Dat hat de Rie fan Steate bepaald. De Rie hat de fergunning dy't it lânbouministearje oan in mokselfisker ferliend hie wer ynlutsen.

De fisker út Yerseke hie de fergunning yn 1999 oanfrege. Yn juny fan dit jier hat er dy krigen. Waadferiening en fûgelbeskerming tekenen doe protest oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)