Lykspul foar Cambuur
Cambuur koe freed foar eigen publyk net winne fan Heracles. Fiiftûzen taskôgers seagen dat de Ljouwerters net fierder kamen as 1-1 tsjin de Almeloers.
Sandor van der Heide skoarde en Jan Bruin hie dat ek dwaan kinnen. Hy miste lykwols in strafskop. In kertier foar de ein fan de wedstriid makke Stroeve it tsjindoelpunt.