Kotter noch altiten net fûn
De fiskkotter Victory is noch altiten net fûn. Freed ha twa fleantugen op 'e nij nei it skip socht. In Dútsk fleantúch soe wat sjoen ha yn see. De kustwacht hâldt der rekken mei dat de kotter fergien is.
De kotter is moandei foar it lêst sjoen en hie tiisdei yn Dútslân oankomme moatten. Oan board binne fjouwer Nederlanners.