Woudagemaal wer yn aksje
Wetterskip Fryslân hat it Woudagemaal by De Lemmer yn wurking steld fanwege de hege wetterstân. De lêste dagen is yn Fryslân 37 millimeter rein fallen. It boezem-peil is dêrtroch sa'n tolve sentimeter te heech. It is net slagge om it wetter fia Lauwerseach en Harns ôf te fieren. It Hooglandgemaal yn Starum is ek ynskeakele.