D66 Harns hâldt der mei op

09 nov 2001 - 00:00

D66 komt nei de ferkiezings net werom yn de Harnzer gemeenteried. Neffens gemeenteriedslid Erents hat de Harnzer D66ôfdieling te min minsken dy't har ynsette wolle foar de gemeentepolityk.

Erents soe sels wol trochgean wolle, mar net sûnder de stipe fan in aktive efterban. D66 hie earder yn Harns twa riedsleden. Yn Frjentsjerteradiel ferdwûn D66 al earder út 'e ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)