Slim ûngelok by Elslo

R.Koene © Compact Media
By in oanriding op de Kloosterweg by Elslo binne tiisdeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. De man en de frou sieten tegearre yn de auto en binne troch ûnbekende oarsaak mei de auto op in beam botst. Beiden rekken slim ferwûne. Ien fan de ynsittenden rekke beknipe en moast troch de brânwacht út it wrak helle wurde. De oare ynsittende is by de oanriding út de auto slingere en yn de feart fallen. De slachtoffers binne nei it UMCG en it sikehûs fan Assen brocht. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de oanriding.