Brân yn oaljekoekskream Drachten

© Omrop Fryslân
In oaljekoekskream njonken de Edah oan it Raadhúsplein yn Drachten is tiisdeitemiddei folslein útbaarnd. De Edah is út foarsoarch ûntromme. De winkel hat allinnich reekskea oprûn.
Der bestie gefaar foar in eksploazje, omdat der gasflessen yn de kream stiene. De brânwacht hat de brân ûnder kontrôle krigen. Ien meiwurker is fanwege reekynhalaasje yn it sikehûs rekke.