Untromming smyt soad bisten op

© Omrop Fryslân
Yn it hûs oan de Gysbert Japicxstrjitte yn Ljouwert binne 44 beskerme fisken en 20.000 preparearre ynsekten, flinters en skedels fûn. It hûs waard fan it wykein ûntromme. Doe waarden der al 21 libjende slangen út it hûs helle. De bewenner hie boppedat noch 70 deade njirren en in tal salamanders yn syn besit.
De 61-jierrige man kin dizze wike wer yn syn hûs. De bisten krijt er net werom.