Moasje fan ôfkarring op 't Fean

06 nov 2001 - 00:00

Boargemaster De Jonge fan Hearrenfean hat in moasje fan ôfkarring oerlibbe. De moasje waard by de gemeenteried yntsjinne troch de VVD. De partij fynt dat De Jonge ferline jier 410.000 gûne te folle útjûn hat foar de tarieding fan de bou fan de brânwachtkazerne oan de Stadionwei.

De VVD hie ek noch in moasje tsjin it hiele kolleezje yntsjinje wollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)