Seldsume blausturt op Skier

© Omrop Fryslân
Fûgelbeskermers op Skiermûntseach hawwe in seldsume Siberyske blausturt fongen. It fûgeltsje is yn 200 jier tiid noch mar trije kear earder yn Nederlân sjoen. Twa jier ferlyn waard der in mantsje op Flylân sinjalearre. Op Skier is no in froutsje fongen. It bistke is ringe en wer frijlitten.
Der wurde de kommende dagen in protte fûgelleafhawwers ferwachte op Skier.