Trije titels foar Tonny de Jong

© Omrop Fryslân
Tonny de Jong hat snein har twadde en tredde titel pakt op de NK ôfstannen reedriden. Se wûn de fiif kilometer en, frij ferrassend, de 1500 meter. Mei in tiid fan 2.04,31 fersloech se ûnder mear Marianne Timmer.
Annamarie Thomas waard fjirde op de 1500 meter. Elma de Vries sette mei it fyfde plak in knappe prestaasje del. Wieteke Cramer, net yn foarm, wie sande.