Sykjen nei slangen giet troch

© Omrop Fryslân
Yn de Gysbert Japicxstrjitte yn Ljouwert is sneon fierder wurke oan it ûntromjen fan in hûs mei tsientallen slangen. Saakkundigen sykje ek by de buorlju nei mooglik ûntsnapte slangen.
De wenning fan de slangesamler is ûntromme. De kâns dat der noch bisten libje is lyts. De 21 al fûne ratelslangen binne der tige min oan ta. Se binne siik en ha brutsen bonken.