Tsjerke Goïngaryp weriepene
De herfoarme tsjerke fan Goïngaryp waard freed feestlik weriepene. De tsjerke fan 1770 hat in grutte renovaasje fan in jier achter de rêch. De totale kosten wurde rûsd op trije ton.
De tsjerke kin der wer in heale ieu tsjinoan. In pleatslike kommisje moat mei in tal fan aktiviteiten de renovaasje werom fertsjinje. Sneon is der in iepen dei.