Soad folk op benefyt 'Luie Hond'

© Omrop Fryslân
In benefytkonsert fan 'e Ljouwerter band Luie Hond foar it Ljouwerter biste-asyl luts tongersdeitejûn 400 minsken. De minsken betellen in tientsje en krigen hjirfoar de Luie Hond-single 'Jaloezie'.
It konsert hat in pear tûzen gûne oplevere foar it Ljouwerter biste-asyl 'De Wissel'. It biste-asyl sil de opbringst brûke foar it fernijen fan 'e hûne- hokken.