MCL-noard wurdt mooglik sloopt

© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat it haadgebou fan MCL-noard yn Ljouwert sloopt wurdt, om plak te meitsjen foar 280 lúkse wenten. It gebou is oerstallich, no't der by it MCL-súd nijbou komt. Freed is it offisjele startsein foar de nijbou jûn.
De gebouwen fan MCL-noard, it âlde Bonifatius-hospitaal, komme yn 2004 frij. Allinnich it âlde bêdehûs yn de Falkstrjitte sil mooglik bestean bliuwe.