Fiskerijhaven: nuodlik aventoer

02 nov 2001 - 00:00

De gemeente Dongeradiel giet mei de fiskerijhaven fan Lauwerseach in nuodlik aventoer oan. Dat sei boargemaster Cazemier tongersdeitejûn yn de kommisje Finânsjes en Algemiene Saken.

Dongeradiel nimt de oandielen oer fan de provinsje yn de Exploitatiemaatschappij Haven Lauwersoog. De gemeente wurdt dêrtroch foar 45% eigner fan de haven. Cazemier sjocht konkurrinsje fan Delfzijl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)