BSE yn Muntsjesyl
Op in pleats yn Muntsjesyl is BSE fêststeld. It giet om in grutte molkfeehâlderij mei 307 kij, dy't no allegearre ôfmakke wurde moatte. It is it twadde BSE-gefal yn Fryslân. It earste gefal wie ek yn Kollumerlân.
De oarsaak fan 'e BSE-besmetting is noch net bekend. It foer soe in mooglike oarsaak wêze kinne. Der is gjin gefaar foar omlizzende pleatsen.