'Je hebt me belazerd' yn Top 100

© Omrop Fryslân
It nûmer 'Je hebt me belazerd' fan de Warkumer sjonger en songwriter Sipke de Boer is op in 76e plak binnenkommen yn de Nationale Top 100. By de single is ek in fideoklip makke dy't fan kommende woansdei ôf op de nasjonale televyzje te sjen wêze sil.
Sipke de Boer stie yn it foarjier noch tegearre mei Gerlof Hofman op it Fryske sjongfestival 'Liet'.