Underwiispriis foar Wolvegea

31 okt 2001 - 00:00

De earste Laurens van der Leij-ûnderwiispriis is woansdei útrikt. Nei't fjouwer skoallen har presintearren, krige de Sint Fransiscusskoalle út Wolvegea de priis, 2500 gûne.

De priis is troch ûnderwiissintrum GCO ynsteld by har 25-jierrich bestean. Mei it projekt muzykwike wûn de skoalle. Alle bern wienen dwaande mei muzyk en makken sels ynstruminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)