Acht Fryske boeren hâlde op

31 okt 2001 - 00:00

Acht boeren yn Fryslân hâlde frijwillich op mei har bedriuw. Se meitsje gebrûk fan de opkeapregeling fan it lânbouministearje. De regeling is bedoeld om it dongoerskot fuort te wurkjen.

Yn hiel Nederlân ha goed 2000 boeren har oanmeld foar de regeling. De Fryske boeren ha kij en om't se dermei ophâlde wurdt der foar 60.000 kilo minder oan fosfaten produsearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)