Bart en Abe útfanhûs yn Oerterp

© Omrop Fryslân
Bart en Abe binne útfanhûs yn Oerterp. Nei in wrâldreis binne de twa snie-ûlen yn it opfangsintrum telâne kaam. It binne bysûndere bisten; yn 1992 is foar it lêst in snie-ûle sjoen op Skier.
De fûgels komme út Kanada en binne op in Russysk skip delkaam. Doe't it skip yn Delfzijl oanlei, hat Osinga fan de Fûgelhelling de bisten ophelle. As se fit binne, geane se nei Sweden ta.