Nijpels foarsitter Waadfoarum

31 okt 2001 - 00:00

Ed Nijpels is beneamd ta foarsitter fan it Waadfoarum, in nije organisaasje dy't Nederlânske, Dútske en Deenske boargers belûke moat by it belied oer it Waad. Dat is woansdei besluten tidens de Waadkonferinsje yn it Deenske Esbjerg.

It Waadfoarum moat in rapport útbringe oer de sosjale en ekonomyske aspekten fan it Waadgebiet. De konklúzjes wurde brûkt by de folgjende Waadkonferinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)