Ljouwerter keapsneinen ferdwine

31 okt 2001 - 00:00

De moanlikse keapsneinen yn Ljouwert ferdwine. Tenei sille op sa'n acht sneinen yn it jier de winkels iepen wêze. Doel is op dizze dagen aktiviteiten yn it sintrum te organisearjen, om mear minsken te lûken.

Wethâlder Brok makke it nijs tiisdei bekend op in jûn fan it wykpanel fan de binnenstêd. Neffens him komme der te min minsken op de moanlikse keapsneinen ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)