Turnster Valentijn docht it bêst

© Omrop Fryslân
It Nederlânske frouljusteam docht mei oan de finale fan it WK turnjen yn it Belgyske Gent. Rikst Valentijn fan Oranjewâld komt yn de lannefinale út op de balke en de flier. Freed docht se mei oan de yndividuele mearkamp.
It frouljusturnteam hat mei it berikken fan de finale ek de A-status helle. Dat betsjut dat it team profesjoneler wurkje kin om't der mear jild beskikber komt.