'Hâldt de Blokhûspoart iepen'

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert freget justysje yn in brief om it hûs fan bewar Blokhuispoort yn Ljouwert iepen te hâlden. It wichtichste argumint is de wurkgelegenheid: der wurkje 80 minsken.
Troch in reorganisaasje fan 'e noardlike finzenissen driget sluting fan it âlde hûs fan bewar. De gemeente wiist der yn it brief op dat Ljouwert de lêste tiid al mear ryksbanen ferlern hat.